Wiebe Wieling

By Sample Text

On Gysbert

Released on July 6, 2022

Thumbnail

[Intro: Durk]

Tjibbe, mei Durk, goeiemorgen

Moatst ris even harkje

Wy moat' mar even stroaie en skowe

Want der is in protsje snie fallen en it is aardich glysterich


[Verse 1]

Ik reizgje op en del, de ierde oer

Mei ús heit en mem of op tienertoer

Ja fan tuskenjierren oant stúdzjeplannen

Ik bin faak te finen yn frjemdе lannen

Fan it Mirnser Klif oant de Evеrest

Ik bin noch krekt net by Kanye west

Dus jubilea, of skifâkansjes

Miskien dat 'k kin mar, gjin garânsjes

Mar wat alles feroarje kin

Wat alle plannen fergoaie kin

Ek al bin 'k te plak hiel ergens oars

Yn de winter ha 'k Alvestêdekoarts

Ja by lichte froast bûke wurd ik al gek

Mar bart it oait echt stop ik alles direkt

Ek al sit 'k op skoalle, ek al bin 'k oan 't stappen

Ik kom fuortendaalk, ek al sit 'k by de kapper


[Refrein]

Want as de tillefoan gjit

En se sizze dat it oangjit

Dan kinst der mar fan útgean

Dat 'k deselde dei wer thús bin

Ja as de tillefoan gjit

En se sizze dat it oangjit

Dan kinst der mar fan útgean

Dat 'k deselde dei wer thús bin


[Verse 2]

Ek al bin ik fier fuort

Ik sil en moat dat iis op

Ek al haw ik gjin kondysje

Ik sil en moat it al besykje

Ik wol in sniebal yn 'e snút

Fytsend ûnderút

Redens út it fet wei

Bernelik gegekjei

Gaos by de skuonneboer

Tafels fol mei fûgelfoer

Noch in ekstra oaljekoek

En toch ek mar dy thermobroek

Earlik

Ik sil der altyd wêze

As it falt te rêden

Yn de alve stêden


[Bridge]

Ja as it friezet

En wetter iis wurdt

Then I'll be feeling

Like Wiebe Wieling

Ja as it friezet

En wetter iis wurdt

Then I'll be feeling

Like Wiebe Wieling


[Refrein]

Want as de tillefoan gjit

En se sizze dat it oangjit

Dan kinst der mar fan útgean

Dat 'k deselde dei wer thús bin

Ja as de tillefoan gjit

En se sizze dat it oangjit

Dan kinst der mar fan útgean

Dat 'k deselde dei wer thús bin

Want as de tillefoan gjit

En se sizze dat it oangjit

Dan kinst der mar fan útgean

Dat 'k deselde dei wer thús bin

Ja as de tillefoan gjit

En se sizze dat it oangjit

Dan kinst der mar fan útgean

Dat 'k deselde dei wer thús bin