Wetterskip

By Sample Text

On Gysbert

Released on July 1, 2022

Thumbnail

[Chorus: Pieter, Siemen, Jurjen, Teun]

Ik ha mear drip as it hiele wetterskip

Ik bin sa sick minsken sizze betterskip

Ik ha mear drip as it hiele wetterskip

Ik bin sa sick minsken sizze betterskip


[Verse 1: Pieter]

Ik ha poeiersûker, mar ik ha gjin oaljekoek

Gang is krekt de swarte hoop, haw it net oer Habtamu

Enge logo's op 'e chest, ik gean nimmer út de moade

Stek de studio yn de F, alle kikkerts yn de kroade


[Verse 2: Siemen]

Ik ben net in postboade, mar ik ha wol envelopkes

Wolst de jûn folhâlde dan haw ik noch wol wat dropkes

Ik ha hoes yn alve stêden, se bin' wiis mei it krúske

En ik sloopje alle bêden nei in snúfke yn it húske

[Verse 3: Jurjen, Teun]

Bitches sjogge nei mei op ik bin in heitefiguer

Ik doch al jierren net oan sport ik haw in heitefiguer

Ik makke al myn sinten op oan wat haute couture

Mar myn haute couture rûkt nei frituer


[Chorus: Pieter, Siemen, Jurjen, Teun]

Ik ha mear drip as it hiele wetterskip

Ik bin sa sick minsken sizze betterskip

Ik ha mear drip as it hiele wetterskip

Ik bin sa sick minsken sizze betterskip


[Verse 4: Jurjen]

Wy drippe, fokking hurd en jim dogge mar sabeare

Dy flessen bin' al besteld, lit de mannen it sabreare

Al dy froulju gean omleech as in donderdeldoekje

Se sjogge my yn 'e eagen sizze, "kom mar del bûke"


[Verse 5: Teun]

By jim yn de keet wurdt oer Off-White praat (Off-White)

Hjir ha we ôfwaaid praat

Joust al dyn jild út oan in pokémonkaart (wat!?)

Oké dan maat

Mem siet oer my yn dat se kaam te gnuven (oh blikstiender)

It begrutte har suver

Se seach Lil Pier en hy wie wat oan it snuven (wat de fok!?)

Dat fûn se mar nuver

[Verse 6: Siemen, Pieter]

Lúster en huver want wy binne oan de gong

En komsto oan de gang, bûke dan bisto oaljedom

Pols dript elke dei, hjir gjin fierjepperij

Ik ha sa folle ice, Wiebe Wieling tinkt "nice"


[Bridge: Pieter, Siemen, Jurjen, Teun]

De ein fan elke reis is it paad werom

Mar wit ik fannejûn noch it paad werop

De ein fan elke reis is it paad werom

Mar wit ik fannejûn noch it paad werop


[Chorus: Pieter, Siemen, Jurjen, Teun]

Ik ha mear drip as it hiele wetterskip

Ik bin sa sick minsken sizze betterskip

Ik ha mear drip as it hiele wetterskip

Ik bin sa sick minsken sizze


[Outro]

Moatsto net ris nei de dokter?