Underfining

By Sample Text

On Gysbert

Released on March 27, 2020

Thumbnail

[Intro]

Wy sjogge gewoan dat op in hiel soad terreinen, uh, der gjin foarútgong boekt wurdt, at it giet oer it Frysk. En, we sjogge wol dat it tal Fryskpraters achterút rint. Dus, uh, der sil wol wat barre moatte


[Verse 1]

Grutske Fries oant de dea oan ta

Dat sit yn it bloed, dêr kin ik neat oan dwaan

Ik kom út Súdwest út it waarme hert

En se prate hjir Frysk mar eins krekt ek net

Dus lit my dy fertelle hoe't se hjirre wol prate

Yn plak fan reedride sizze se skaatse

Ik hear hast gjin hast mar allinne mar bijna

Ik ha in boskje kaaien mar dat is net wat sy ha

Nee sleutels, is it de bosk of it bosk

Silst nei de tandarts foar dyn losse tosk?

Is it sjen litte, of is it litte sjen?

It is net erg tûk, it is tige slim

Is it ûngefear of is it om-en-de-by

En folgens my is it neffens my

Yn de Fryske taal is it as, net dan

Dêr stiest fan te sjen, of net dan?


[Chorus]

Se hawwe it noait leard of se witte it net mear

Want snijt it dêr, no dan sniet it hjir

Dit is net in opfetting, dit is net in miening

Harkje goed, dit is in ûnderfining

Se hawwe it noait leard of se witte it net mear

Se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard

Dit is it lot, de Fryske ferdwining

Harkje goed, dit is in ûnderfining


[Verse 2]

Sy fine it leuk, mar ik mei der net oer

En dan slaan ik skriuwfeardigens ek noch ris oer

Is it folle plezier of in protte wille

Net fytse gean mar fytse sille

Se "siede" net, mar se "kokje" it iten

Mar dêrfoar kin ik noch in each taknipe

It is in minne boel mar falt lestich noch te kearen

En it is fan alle tiden, falt lestich ôf te learen

Ik wol goed prate, net goedprate

Dochs slaan ik sels ek in boel flaters

Want ik skilje net, mar ik belje wol

En ik ademje wêr't ik sykhelje wol

Sa yts, sokssawat, soksoart' dingen

Tiidwurdoarder, ensafuorthinne

Dus lestich, om er wat fan te sizzen

Mar om my by de ûnderfining del te lizzen?


[Chorus]

Se hawwe it noait leard of se witte it net mear

Want snijt it dêr, no dan sniet it hjir

Dit is net in opfetting, dit is net in miening

Harkje goed, dit is in ûnderfining

Se hawwe it noait leard of se witte it net mear

Se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard

Is dit it lot, de Fryske ferdwining?

Harkje goed, dit is in ûnderfining


[Outro]

Uh, ja, de teloorgang van het Fries, kan ik het zo wel zien?

- Nou, it is net sa dat minsken minder Frysk prate sa sear, der wurdt noch bêst wol in protte Frysk praat. Mar de kwaliteit is achterútgong, it liket mear op it Hollânsk