Tomketiid

By Sample Text

On Gysbert

Released on July 6, 2022

Thumbnail

[Intro]

Kornelia: Oké Tomke, bisto der klear foar?

Tomke: Ja, set mar yn!

Kornelia: Komt er


[Refrein]

Tomke mantsje, altyd blier (eyy)

Tomke mei dyn krul yn it hier (yuh)

Mei dyn hûntsje sa brutaal

Harkje gau nei dit ferhaal (ey, ey)


[Verse 1]

Ik ha Tomke op 'e broek, bûke, Tomke op it shirt

Tomke op de block, ik bin dêr wêr it gebeurt

Froeger bernakteur, koest my fine op de Omrop

No bin ik rapper wurden, moatst ris hearre wat ik omrop

Dus gеan der mar foar sitten want it is wer Tomkеtiid

Ik pull op by Yana Yu en se makket Tomke bliid

Mar jûns moat ik werom mei it iepenbier ferfier

Dû fregest my wêrom? Omdat ik iepen bier ferfier (eyyy)


[Refrein]

Tomke mantsje, altyd blier (yuh)

Tomke mei dyn krul yn it hier (uhu)

Mei dyn hûntsje sa brutaal

Harkje gau nei dit ferhaal


[Verse 2]

Alle dagen yn de media, myn eigen Wikipedia

Bin altyd mei de ladies, ja, se wolle graach myn baby ha

Kangeroe as tante, bin bekend tot yn Australia

Bûsen binne djipper as de bûdel fan Kornelia (heuj)

Ik wie in lytse bûkeman, tsjintwurdich kinst my boeke, man

Teksten binne dom, mar asnoch bin ik in tûke man

Kening fan 'e PC, ik haw it net oer 't Sjûkelân

Soms fiel ik my Superman en soms bin ik in sûper, man


[Verse 3]

Ja giet it mâl, dan spûket er wer troch de holle

Tink ik wer oan Romke, en dan wurdt it suver wat te folle

Altyd bin' wy maten west, hy wie de allerleafste hûn

Oan bitches hie der nea gebrek, mar nimmen hat him leafde jûn

It libben fan in jonge stjêr, dat is net altyd mar in lol

De druk, de faam, de media, it easket lang om let syn tol

It makke him hûnsdol, it rûn sa út 'e hân

Hy seach it net mear sitten, hy ferlear syn ferstân

En doe hat er fan de...

Fan de sûkelade hân


[Refrein]

Tomke mantsje, altyd blier (Romke!)

Tomke mei dyn krul yn it hier (Romke!)

Mei dyn hûntsje sa brutaal

Harkje gau nei dit ferhaal


[Outro]

Ik mis him sa

Ik mis him sa, Kornelia