Released on July 6, 2022

Thumbnail

[Intro]

Pieter, at ik elke kear nei Pieter sjoch dan tink ik fan...

Pieter is eigenlik wol de man, dus hy mei dwaan en litte wat ie wol


[Verse 1]

Bin in Piter as Wilkens

In Gysbert as Japiks

Nochter en beskieden, behalve as ik bars spit

Yn de memmetaal, omdat er yn gefaar is

Foar it heitelân, asof ik leaver dea as slaaf bin

Bied Fryske nûmers oan sûnder dat er fraach is

Priizgjе myn hoeke oan tot er op 'е kaart stjit

Fyn my yn it bûtenlân asof ik Sigrid Kaag bin

Fyn my op it Sjûkelân asof ik Wassenaar hjit

Bin dan wol gjin keatser mar ik slaan asnoch foar master op

Miks myn eigen beats en dêrnei slaan ik se foar master op

Dalik gean 'k firaal, ik bin gefaarlik beppe, pas der op

Gean ik in terraske op dan moat ik mar in masker op

Fettest my pas letter, neam it ynkubaasjetiid

Kom mei dubieuze teksten, as in Sinteklazeliet

Hiphop yn it Frysk, it is in eigenaardichheid

As er hjoed yn libben wie, is dit wat Gysbert Japiks die


[Chorus]

Ja ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe't ik al dy Fryske bars spit

Ey ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe djip de leafde foar de taal sit

Ja ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe't ik al dy Fryske bars spit

Ey ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe djip de leafde foar de taal sit


[Verse 2]

"Rap 's yn de memmetaal", sis ik tsjin de jongerein

Ja, elke Fryske dichter wurdt ta strider ridderslein

Ik begûn it foar de fun, no is 't of ik aksje fier

De pen is machtiger as 't swurd

Sis 't mar net tsjin Grutte Pier

Ja ik bin in grutske Fries, mar je witte wat se sizze

Japiks hat it skreaun, "altyd thús is altyd finzen"

Meastentiids tefreden soms ferset ik ek myn tinzen

Ja soms bin ik yn Grins en soms ek oer de grinzen

Yn Frankryk of Sweden, ôf wêr't je mar betinke kinne

Kin dan wol it doarp ferlitte, nimmer de herinneringen

Kinst in man út Fryslân bringe, oarsenom kinst niks begjinne

Wêr't wy op de wrâld ik binne...

Ik wurd in man fan kwizekwânsje, no al fierste trêftich

Dit jier noch om kofje? Dat wurdt dan aardich lestich

Kom ik nei dyn doarp, pull ik op mei blaasorkesten

Ik wurd letter boargemaster, do wurdst letter bargemester

(oink)


[Chorus]

Ja ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe't ik al dy Fryske bars spit

Ey ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe djip de leafde foar de taal sit

Ja ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe't ik al dy Fryske bars spit

Ey ik fiel my Gysbert Japiks

Hoe djip de leafde foar de taal sit


[Outro]

Pieter kin echt syn momint útkieze

En dan giet der in soart knop om

En dan is Pieter gewoan, dy giet der fol foar

- It moaiste soe wêze as dy jonge gewoan noch fiif jier lang noch sa troch giet, of tsien jier, tot-

Dy moat noait ophâlde eigenlik