FÛGELTSJEPARK

By Sample Text

On Gysbert

Released on March 27, 2020

Thumbnail

[Intro]

Ferteller: Bear Boeloe en Sipke lizze yn it hege gers

Sipke: H-Hasto dyn earen goed iepen?

Bear Boeloe: Jaa, ik bin gek op Fryske rap

Sipke: Rèhèèp


[Chorus: Sample Text]

De Friezen binne kûgels

Aldemardum sûnder park

Is as in greide sûnder fûgels

Is as in Noäch sûnder ark

Ja de Friezen binne kûgels

Aldemardum sûnder park

Is as in greide sûnder fûgels

As in Noäch sûnder ark


[Verse 1: Sample Text]

Ut it waarme hert fan Súdwest

It plakje dêr't ik húsfest

It park by Aldemardum

Hat dan wol myn twadde thús west

Dit is in bedankje

Alle jierren wie it puurbest

Remon, Alexander

Bin der wis fan datsto ús kenst

Ik hear dy prakketinken (tinken)

Begjint it troch te dringen? (dringen)

Ik die dyn faam in appke

En no tinkt se al oan ringen

Ja we sille lekker sliepe

Wat Bear Boeloe seit is wier

Naam in Sipke fan myn bierke

En myn eagen waarden skier


[Verse 2: Sample Text]

It is Pieter Gysbert Japiks

Do witst wa’t hjir de baas is

Dy bûke is balstjurrich

Dus hy spilet yn de basis

Ik kom op dyn lokaasje

Ik bring ferdivedaasje

Se krije argewaasje

It wurdt der in ravaazje

Ik brek it lânskip

De hiele pleats giet op 'e kop

En ik bin oeral wei te hearren

Sels yn Peazens-Moddergat

Ja ik fiel my Gabe Skroar

Mei myn Rimen en myn Teltsjes

Nee ik kom net oan de doar

Mar ik rinkelje dyn beltsjes

*tringeling *


[Chorus: Sample Text]

De Friezen binne kûgels

Aldemardum sûnder park

Is as in greide sûnder fûgels

Is as in Noäch sûnder ark

Ja de Friezen binne kûgels

Aldemardum sûnder park

Is as in greide sûnder fûgels

As in Noäch sûnder ark


[Verse 3: Alexander Moto]

Ey, ey do wytst it

Soe ik myn eigen tún ha (gers)

Haw ik hege gerzen

Goai it yn de miks, Frouwe Fortuna mei der even wêze (dankjewol)

Myn eagen seagen, krekt net oer de hege weagen

Kom niks pretendearjen, wer yn Gaasterlân (thús)

Begrutsjen komt pas letter, letter pas ferstân

Súdwest is wêr't de basis leit (Himmelum)

Skriuwe dat is frijheid, sensurear niks wat de baas my seit (neee)

Ik merk dat ik blijer wurd yn Nijefurd (de H)

Gefoel is ûnbeklemmend, dat jout my ek wer in frijer wurd


[Verse 4: MC Remon]

Ooh

Dat sei er hurd, kom mei in wurd of wat en folle mear

Rolje mei de nije club, it eigen wurk, lis alles klear

Sûnt de ’95 sûnder 9-5, brûk de tiid

Foar genietsje, foar in lietsje, ja in beatsje

It siedsje wie plante, de Fryske rapkante

Muzyk foar dyn tante, publyk en ferwanten

Mei Gysbert en Sander, rûgelt sa in hark

Mei in pear dûbeltsjes ark hjir yn it Fûgeltsjespark (flean op!)


[Bridge]

Fûgel tsje park

Fûgel tsje park

Fûgel tsje park

Fûgel tsje park

FÛGEL TSJE PARK

FÛGEL TSJE PARK

FÛGEL TSJE PARK

FÛGEL, TSJE, FÛGELTSJE

PARK

[Chorus: Sample Text, Alexander Moto, Alexander Moto & MC Remon]

De Friezen binne kûgels (kûgels?)

Aldemardum sûnder park (sûnder park?)

Is as in greide sûnder fûgels (sûnder fûgels?)

Is as in Noäch sûnder ark (sûnder ark?)

Ja de Friezen binne kûgels (kûgels?)

Aldemardum sûnder park (sûnder park?)

Is as in greide sûnder fûgels (sûnder fûgels?)

As in Noäch sûnder ark (sûnder ark?)

Dus ferkas de hiele binde (ferkas de hiele binde)

Alles nei de Hege Gerzen (alles nei de Hege Gerzen)

It is ien en al ellinde (it is ien en al ellinde)

Mar it sil en moat sa wêze (it sil en moat sa wêze)

Ja ferkas de hiele binde (ferkas de hiele binde)

Alles nei de Hege Gerzen (alles nei de Hege Gerzen)

It is ien en al ellinde (it is ien en al ellinde)

Mar it sil en moat sa wêze (mar it sil en moat sa wêze)


[Outro: Bear Boeloe]

Lekker sliepe