Fryske Rap Cypher

By Sample Text

On Gysbert

Released on July 6, 2022

Thumbnail

[Intro: Willem Wâldpyk, MC Germ]

Agoeie, Willem Wâldpyk hjirre!

Fryske rap, op dyn speakers

Kin de beat mar komme


[Refrein: MC Germ]

Dit is Fryske rap

Ofgryslik fet


[?]

Dit is Fryske rap


[?]

Dit is Fryske rap

Dit is Fryske rap

Ofgryslik fet

Ek al ferstiest it net

Dû fynst it fet

En as in iel sa glêd


[Verse 1: Sample Text]

Dêr stiet er, dêr giet er, dy Pieter, sa hjit er

En hjit er sa net, is it Pieter ek net

Ik socht op ynternet nei Fryske rap

Mar it wie der net, dus hjir is Sample Tеxt

Ik hie in fet concept, dus ik bеlle Willem Wâldpyk

"Wy haw' in idee en ik hoopje datst de kâns grypst

Kensto dat programma dat 101Barz hyt?

Dat moat yn it Frysk, ik wit seker dat it mâl giet", ey

Dus hjir bin we mei de mantsies

Tink dat de helt fan de bars by dy lâns giet

Noait oan 'e drank omdat ik leaver foar ferstân kies

Slim irritant soms krekt in- (ferstânskies)

Ik bin yn dyn buert as Siebren de tsiisboer

Ien Frysk nûmer en de Tekstpriis op Liet wûn

Heale rapgame hjir by Wâldpyk de flier oer

Ik ha gjin tiid oer, Remon nim de beat oer, ey


[Verse 2: MC Remon]

Noch altyd dizze, Remon de rymsizzer

De yn it Frysk frisser, it op-de-beatlizzer

De wurdprutser, oan minen dêr wurdt hurd lutsen

In tiid ûntbrutsen mar der wurdt wer cool sprutsen

Troch dy lange vent, die zwamme kin as in lamme fan

Dit programma sjen is badabeng!

Noardewen der mar oan, ik ken dit gewoan

De heit fan de Fryske rap, hat no in soan

Of sân, of acht, dy dwaande binne

Dy harren praat begjinne yn de taal fan kinnen

Ik pak de pinne en skriuw bêst genôch

Nea test en troch, de rest fertocht

Myn tekst fan nocht yn rapgerop, do wytst it

Asto no efteromsjochst ja, begrypst it?

Of is it fierstene dreech? Ik lit se net leech

Myn freaky Fryske friesstyle giet fierstene need!


[Refrein: MC Germ]

Dit is Fryske rap

Ofgryslik fet


[?]

Dit is Fryske rap


[?]

Dit is Fryske rap

Dit is Fryske rap

Ofgryslik fet

Ek al ferstiest it net

Dû fynst it fet

En as in iel sa glêd


[Verse 3: Siemen]

S/o nei de mannen miskien moatst noch wat bekomme

Mar ik gean mar even troch ik kom de rommel opromjen

Set my del op Noardewyn en dan drop ik rare bommen

Dyn faam is as de Lelylyn, it sil noait klearkomme

S/o nei Sample Text dy man hat libi foar syn lobi

Mannen dogge biggie mar ha Netflix as in hobby

En soms fiel ik my Sméagol en soms fiel ik my Dobby

Soms fiel ik my Ernst en soms fiel ik my Bobbie, ey

Nederlânsk studint mar ik fiel my Fryske master

Ik drop it hillich wurd mar ik bin gjin pastor

Jim stekke jim sjek mei it gas oan

Ik ferwachtsje myn cheque noch fan Gaston

Wy jouwe noch in rûntsje as de sinne en de moanne

Splash al myn lean oan lean oan it einde fan de moanne

En neat is my te gek wy bin de hurdste op 'e track

En leaust my noch net dan sis ik tsjek, sjoch en ûntdek


[Refrein: MC Germ]

Dit is Fryske rap, ôfgryslik fet

Dit is Fryske rap, ôfgryslik fet


[Bridge: Khadija Arib]

Voordat we beginnen met het mondelinge vragenuur

Wil ik een paar woorden wijden aan de rellen overal in de gemeente Súdwist-Fryslân

Op televisie en via sociale media zagen we hoe winkels werden geplunderd

Op verschillende plekken werd brand gesticht


[Verse 4: Lil Pier]

Ik draach de wrâld boppen op myn skouders

Under myn enkels klim ik op mountains

Kalde stiennen falle als boulders

Ik draach de wrâld boppen op myn skouders

Ey ey ey

Dagen lang yn in sleur

Oh en myn wiif is wer oan it seuren

Dat ik smoarge teksten ha skreaun

Mar der moat noch sa folle gebeure

Ja myn legacy komt de deur út

Foardat ik dea bin hast it heard

Dat ik dyn bitch anaal ha ferskeurd

Ik wol die Benz hûnderdtachtich skeure, ja

Ik wol die Benz hûnderdtachtich skeure, ja

Sk- sk- sk- skeure, ja

Ik wol dy Benz skeure troch Súdwest

Wol dy stacks

Wol dy racks on top of racks, ey

Al dizze dagen, ja

Wêr we wolle ferdwale, ja

Sa faded bin noch wakker

En it wurdt ek alwer ljocht

Tot it naadsie opgesocht

Moto!


[Verse 5: Alexander Moto]

Ey ik nim it op

Foar elkenien dy net rint ûnder sinne toch

In tûke mar in minne kop

Troch toeka wer fan binnen top

Myn sinnen op

Eltse dei dwaan kinne wat ik wol bitch

Deselde brij elke dei dat kin net ik wol skolfisk

Net sitte yn in office

Oh shit

Ik sparje ammo yn de bieb

Ik bin foar camo faak it type

En ik sil noait net fan de nacht hâlde

Altyd al wol fassinearre

Mar ik wyt oerdeis sa'n soad yn acht hâlde

Giet ris op de kop ferkeard en

Ik wyt dat ik soms leare moat

Dat ik soms ek lavearje moat

Faak oan 't raven mei debilen

Mar at it echt te slim wurdt, pear reven yn de silen

Ik ha sicke gedachtes

Mar bring it wis en wrachtich

En dat makket my soms angstich en somtiden nearslachtich

Mar elk stimke yn myn holle dy hat hiele dikke fachten

Do moatst noch begjinne mar do wytst do stiest al efter

Want do do hâldst gjin rekkening mei al hun krêften


[Refrein: MC Germ]

Dit is Fryske rap

Ofgryslik fet

Dit is Fryske rap

Ofgryslik fet

Dit is Fryske rap

Ek al ferstiest it

Dû fynst it fet

En as in iel sa glêd


[Verse 6: Jurjen]

Ey ik bin hjir yn de Súdwest mei de mantsjes

En ik wit do wolst nei Súdwest op fakânsje

Ey we rappe yn it Frysk net yn it Frânsk hjir

En we bringe bars yn it Fryske lânskip

Do moatst ris goed harkje

Wêr is dyn praat bedarre

Myn heit komt út Warkum

En myn pake ek

Do tinkst wy ha in shank op sek

It is gewoan bestek

En ik tink ferrek

We bin’ gewoan leave jonges en sa is ‘t mar krekt

Jim ha gjin besef

Bin justerjûn alwer by dyn bûke west

Hearrenfean wûn ien-nul fan Heracles

En we witte allegear dat Veerman is the best

Ik gean nei myn doel, Jan Bekkema

Jim witte niks, dus hâldt jim bekken mar

Ik chap dy spacecake, Eise Eisinga

Ja dit is rap, rap krekt Anthony Musaba

[Verse 7: Teun, Jurjen]

Willem joech in finger en we namen syn hân

Ik sis sorry foar dyn speakers want se gean yn ‘e brân

(Skande)

Dat wy bringe jim oan ‘t ferstân

Oer dy ferdraaide hiphop út it heitelân

Gjin reade Honda yn it hok mar kin dy sizze dat der beunt wurdt

Spul mei de Shankers en sa is der wer in seun fut

Buorren binne lilk, want dy 808 dreunt hurd

Raze yn ‘e mic, kin dy sizze dat it keunst wurdt

Jim bin sa sêd, jim ha te bot iten

Jim heit is nei Laaksum te botiten

Dy man hat hiel syn libben neist de pot skiten

Dyn libben fuortsmiten

Grut bekje neat yn ‘t sekje

Elke dei nei it Macje

En se draaie ús nûmers, mar do draaist noch in sjekje

Bûke hâld dy de bek juh, dit is Fryske rap

Shankers, Moto, Pier, Remon en Sample Text

[Outro: MC Remon, Sample Text, Alexander Moto]

Hearlik man, hearlik

Heu heuj

Do bist ek skerp mei de flows man