Bin Ik Frysk

By Sample Text

On Gysbert

Released on July 6, 2022

Thumbnail

[Refrein: Piter Wilkens]

Bin ik Frysk as ik hjir berne bin

Wat dat gjin bern bepaalt?

As ik 'griene tsiis' útsprekke kin

Sit de kaai him yn de taal?

Wa kin my sizze wa't ik bin

Soms reitsje'ik yn 'e tiis

Wat makket immen Frysk

Of ien in Fries?


[Verse 1: Sample Texr]

Moat ik as Fries fan greide hâlde

En wenje tusken Klaai en Wâlden

It Folksliet út de holle kenne

In tiidwurdfout kinne werkenne

En moat ik Hylke Speerstra lêze

Fan fan Gurbe Douwstra wêze

Ja as dit alles jildt foar my

Hear ik dеr dan ek by

Moat ik as Fries de Slachtе rinne

Of sels by Warns de slach betinke

En eangst ha om op wintersport

Foar de kâns op in Elfstedentocht

Of moat'k it eins net litte kinne

At der op reis wat Friezen binne

Om dan te freegjen, "Wêr komst wei?"

En "Kenst dan dy en dy?"

Bin 'k dan typysk Frysk?


[Refrein: Piter Wilkens]

Bin ik Frysk as ik hjir berne bin

Wat dat gjin bern bepaalt?

As ik 'griene tsiis' útsprekke kin

Sit de kaai him yn de taal?

Wa kin my sizze wa't ik bin

Soms reitsje'ik yn 'e tiis

Wat makket immen Frysk

Of ien in Fries?


[Verse 2: Sample Text]

Mar bin 'k noch Frysk al doocht der neat

Want keatsen is my noait echt leard

As skûtsjesilen my net ynteresseart

As ik Swarte Pyt net tolerear

Fersaakje wy ús heitelân

Mei wynparken yn greidelân?

En a'k ferkas nei frjemde boaiem

Hear'k dan noch by jim?

Lânskip, skiednis, Fryske taal

't Bin allegear stikjes yn 't ferhaal

Dy frjemde Fryske identiteit

Feroaret suver elke dei

Dus wat bin' de kritearia?

En moatte wy dy eins wol ha?

Ja spreksto Frysk en fielst dy sa

Is dat net likernôch

Al mear as genôch?


[Refrein: Piter Wilkens]

Bin ik Frysk as ik hjir berne bin

Wat dat gjin bern bepaalt?

As ik 'griene tsiis' útsprekke kin

Sit de kaai him yn de taal?

Wa kin my sizze wa't ik bin

Soms reitsje'ik yn 'e tiis

Wat makket immen Frysk

Of ien in Fries?